Ynspeksje fan Tsjongerskâns

Sikehûs Tsjongerskâns op It Hearrenfean hat freed ûnferwachte besite krigen fan de ynspeksje sûnenssoarch IGZ. De ynspeksje wie rjochte op de operaasjekeamers fan it sikehûs. De útslach wie posityf. Dat betsjut dat de Tsjongerskâns alle prosessen om in operaasje hinne goed útfiert en kontinu dwaande is om dat ek te ferbetterjen.
It definitive ferslach fan de Inspectie Gezondheidszorg folget binnen in pear moanne.