Bûnspartij mei 58 partoeren

20 maaie 2013 - 09:32

Yn Frjentsjer is om 09.00 oere de tradisjonele bûnspartij útein set mei dit jier 58 partoeren op de list. Dat binne der tsien minder as ferline jier. Der wurdt keatst op fjouwer fjilden fan VV Frjentsjer.

Grutte favoryt is Sint Jabik. Sy binne regearend kampioen en hawwe dit seizoen al twa partijen wûn. Outsiders binne Minnertsgea, Goutum, Bitgum en Sint Anne. In soad doarpsteams wurde folge en oanmoedige troch fans út eigen doarp. De bûnspartij wurdt al ferkeatst sûnt 1897.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)