Evakuaasje Yn 'e Lijte by Grou

05 jan 2012 - 15:43

De bewenners fan rekreaasjesintrum Yn 'e Lijte en fan it eilantsje De Burd by Grou is tongersdei advisearre om it hûs te ferlitten. It giet om in frijwillige evakuaasje, omdat de gemeente en de helptsjinsten ferwachtsje dat it gebiet ûnderrinne sil. De heechste wetterstân wurdt jûns ferwachte. It giet om sawat 160 fêste bewenners en rekreanten dy't hjir mei fakânsje binne.

De gemeente giet mei lûdsweinen troch de strjitte om minsken op te roppen. De gemeente regelet eventueel ûnderdak. As it wetter hiel heech wurdt moat de stroom ôfsletten wurden.

Trefwurden: 
heechwetter Yn 'e Lijte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)