Twadde winst Bart Helmholt

19 maaie 2013 - 11:39

Bart Helmholt hat ek de twadde fierljepwedstriid fan it seizoen wûn. Op de akkommodaasje fan It Heidenskip ljepte de Burgumer 19.60 meter. Ysbrand Galama waard op syn thúsbarte twadde mei 19.14. De winst by de froulju wie mei 14.80 opnij foar Klaske Nauta. Marrit van der Wal waard twadde mei 14.14. Hans Ulco de Boer wie mei 18.99 de bêste by de junioaren, Sytse Bokma waard mei in pr twadde (18.49). Tom Hoekstra wie de bêste by de jonges mei 16.93.

Trefwurden: 
fierljeppen It Heidenskip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)