Drone filmet besletten trening

18 maaie 2013 - 16:05

Omrop Fryslân hat sneon by de besletten training fan SC Hearrenfean dochs bylden makke. Mei help fan it bedriuw Droneview gong in helikopterke mei in kamera de loft yn. SC Hearrenfean traint foar de wedstriid tsjin FC Utrecht. Winst is belangryk om yn de race te bliuwen foar Europeesk fuotbal. It filmjen boppe it trainingsfjild mei allinnich mei tastimming. Omrop Fryslân hat dy fan de klup krigen. Trainer Marco van Basten reagearre laitsjend. Hy sei: 'Het maakte wat lawaai, maar verder heb ik er geen problemen mee.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)