Nije wyk hyt Peinder Mieden

Projektlieder Henny Bruynzeel fan De Nieuwe Marke © Omrop Fryslân, Henk te Biesebeek
De Peinder Mieden is de nije namme fan it projekt oan de râne fan De Pein. Dêr wurde 45 enerzjysunige wenningen ynpast yn it lânskip. De húseigeners rjochtsje it gebiet sels yn. It projekt stie oant no ta bekend ûnder de namme 'Wij Bouwen een Wijk'. De nije namme komt fan de gemeente Smellingerlân en de groep fan takomstige bewenners. Dy bestiet út sa'n 25 persoanen en gesinnen. De namme Peinder Mieden referearret oan it brûken fan it gebiet eartiids as healân foar it fee.