FK fiskjen oan nije steigers

18 maaie 2013 - 11:49
  • FK wedstriidfiskjen

Yn De Deelen wie sneon it FK wedstriidfiskjen. Goed 120 sportfiskers dienen mei. Se sieten op nije betonnen fisksteigers mei plak foar ien fisker oan de Heafeart. It Wetterskip hat de wâlskanten en kaden yn de Heafeart ophege en opknapt. Der is mei 150 plakken in unyk wedstriidparkoers foar (ynter)nasjonale wedstriden ûntstien. De steigers meitsje diel út fan in folle grutter projekt fan Wetterskip Fryslân, dat bestie út it ferheegjen fan de kaden, it meitsjen fan wetterberging, nije wâlbeskoeiing en de oanlis fan 200 steigers foar boatsjes.

Richard Fraiquín út it Grinzer Winsum hat it Frysk Kampioenskip wûn. Om't hy by de Fryske feriening de Rietvoorn fan Koatstertille sit, mocht hy meidwaan. It gewicht fan syn fangst wie 1935 gram.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)