Feanster pakt foar stellerij

18 maaie 2013 - 10:50
  • Plysje-embleem

In 18-jierrige man fan It Hearrenfean is freedtejûn oanhâlden yn ferbân mei stellerij fan in mobile tillefoan út in wenning yn Ljouwert. De fertochte soe de bewenner fan in hûs oan de Jacob Binckesstrjitte ûnder bedriging de mobile tillefoan ôfpakt ha. De plysje koe de Hearrenfeanster gau oanhâlde. De eigener fan de tillefoan hat oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)