Frontale botsing by Dearsum

18 maaie 2013 - 10:33
  • Dearsum

Op de trochgeande dyk troch Dearsum hat freedtemiddei in frontale botsing west tusken twa auto's. In 26-jierrige bestjoerster út Drylts ried mei in 22-jierrige passazjier út Snits út Ljouwert wei yn de rjochting Snits. In 30-jierrige automobilist út Ljouwert kaam út de rjochting fan Snits. It is net dúdlik hoe't it ûngelok gebeure koe. De bestjoerster út Drylts is mei nekklachten oerbrocht nei it sikehûs. De oare beide belutsenen by it ûngelok binne op it plak sels behannele. De plysje ûndersiket it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)