Ljouwerter mishannele yn Snits

18 maaie 2013 - 10:28

In Snitser (28) is freedtenacht oanhâlden. Hy hie in 31-jierrige Ljouwerter mishannele yn in hûs oan de Monnikmolen yn Snits. It slachtoffer rekke ferwûne oan it gesicht en de knibbel en moast nei it sikehûs. De fertochte is dêrnei yn de buert oppakt. De plysje ûndersiket de mishanneling der't de oarsaak fan yn de relasjonele sfear leit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)