4000 seizoenkaarten Cambuur

17 maaie 2013 - 22:00

It giet goed mei de útjefte fan seizoenkaarten by Cambuur. Oant no ta binne der 4000 oanfrege. Dat is no al like folle as ferline seizoen. Al mei al binne der 8500 seizoenkaarten beskikber. De klup ferwachtet it grutste part dêrfan kwyt te reitsjen. Twa wike lyn waarden de Ljouwerters kampioen fan de Jupiler League en promovearren dêrmei nei de earedivyzje. Fierders ferwachtet Cambuur sa'n miljoen oan ekstra sponsorjilden binnen te heljen.

Cambuur wol takom seizoen wurkje mei in begrutting fan sa'n 6 miljoen euro. Dêrmei giet it budzjet mei twa miljoen omheech. De easken yn de earedivyzje binne oars. Foar 800.000 euro wurdt ynvestearre yn it stadion, der komt nije ferljochting en it útfak moat grutter makke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)