Man út Frjentsjer langer fêst
De man dy't tongersdei yn Frjentsjer op de Pameijerstrjitte syn 34-jierrige eks-frou delstutsen hat wurdt foarearst fjirtjin dagen langer fêstholden. Dat hat de rjochter-kommissaris freed bepaald. De twa krigen spul mei elkoar. Omstanners seagen dat de frou foel.
It die bliken dat se ferskate kearen stutsen wie. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.