Ouwe-Syl spilet yn op boatsjes

Der wie freed in feestje op de Ouwe-Syl om de steigers yn it sintrum fan it doarp offisjeel yn gebrûk te nimmen. Doarpsbelang wol it doarp better op de kaart sette en tocht oan de boatsjeminsken. Ouwe-Syl leit flakby de noardlike Alvestêderûte tusken Frjentsjer en Dokkum. En dêr kin it doarp fan profitearje. Der is sa'n seis ton ynvesteard yn 300 meter steigers en oare fasiliteiten, lykas wetter en stroom foar elektryske boaten.
It jild komt fan de gemeente, de provinsje en it Waadfûns. En no is it de beurt oan de ûndernimmers om der foar te soargjen dat der wat te dwaan is foar de toeristen yn it doarp.