Mûne Goutum wer op syn plak

17 maaie 2013 - 19:34

Nei rom trije jier is de âlde Amerikaanske wynmûne fan Goutum wer werom op syn plak. De wynmûne út de 19de ieu wie bot fertutearze en is yn de ôfrûne jierren opknapt. Dy opknapbeurt wie goed 70-tûzen euro. Dat jild is byelkoar brocht troch in spesjaal oprjochte stifting. De stifting hat op dit stuit it behear oer trije Amerikaanske mûnen yn de buert fan Goutum en Wurdum. Twa fan de trije binne no opknapt. De tredde is ek ta oan in opknapbeurt, mar dêr moat earst jild foar fûn wurde. Alle trije mûnen binne ryksmonuminten.

Trefwurden: 
mûnen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)