Wrâldbeker nei Kazachstan

© ANP XTRA
De ISU wrâldbeker dy't ein novimber net riden wurdt yn Thialf Hearrenfean, wurdt ferpleatst nei Astana yn Kazachstan. Dat hat it ynternasjonaal reedridersbûn freed bekend makke. De KNSB makke tongersdei bekend dat it de wedstrid net organisearje woe, omdat der jild bylein wurde moat. Ferskate reedriders hawwe teloarsteld reagearre op it beslút. Se hawwe no ekstra reistiid en dat kostet yn it Olympysk seizoen tefolle enerzjy.
Astana is net ûnbekend by de riders. De ôfrûne twa jier binne yn de stêd ek al wrâldbekerwedstriden riden.