Auto diere-asyl Wissel stellen

17 maaie 2013 - 14:19
  • Plysje-embleem

Ynbrekkers hawwe de auto fan diere-asyl De Wissel yn Ljouwert stellen. Se kamen it gebou oan it Kealledykje yn troch in rút stikken te meitsjen. Se namen de autokaaien en de wite VW Caddy mei. Wat noch mear mist, is noch net bekend.

De auto is te werkennen oan it logo fan De Wissel dat derop stiet. De ynbraak wie yn de nacht fan tongersdei op freed.

.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)