Reedriders lilk op KNSB

17 maaie 2013 - 12:54

Reedriders binne lilk op de KNSB. Dy hat de organisaasje fan de wrâldbekerwedstriden dy't yn novimber yn Thialf op It Hearrefean hâlden wurde soene, weromjûn oan it ynternasjonale reedridersbûn ISU.

Sven Kramer fynt dat de KNSB de sportive belangen fan de reedriders út it each ferlern hat. Der wurdt tefolle nei it jild sjoen. De KNSB hat de organisaasje fan it toernoai weromjûn om't der te min folk op de wedstriden ôfkomt. De KNSB moat der rûchwei 100.000 euro op talizze. Rintje Ritsma fynt it ek in ferkeard beslút fan de KNSB.

Neffens Ritsma is it hiel lestich dat de tarieding foar de reedriders no hielendal omgoaid wurde moat. Boppedat wie de wrâldbeker yn novimber in belangryk trainingsmomint foar de 10 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)