Wjerstân tsjin nije stavering

Fryske wittenskippers en skriuwers komme yn aksje tsjin de foarnommen feroarings yn de Fryske stavering. Se roppe provinsjale steaten op om ôf te sjen fan de feroarings. Under de ûndertekeners fan de oprop binne heechlearaar Goffe Jensma, âld-heechlearaar Pieter Breuker en skriuwers lykas Eeltsje Hettinga en Abe de Vries.
Provinsjale steaten hawwe yn in gearkomste op 24 april ynstimd mei ferskate feroarings dy't de Fryske Akademy foarsteld hiene.
De Akademy is kommen mei in standertwurdlist foar it Frysk en hat dêrfoar in tal oanpassings dien. Sa wurdt it wurd televyzje tenei mei in 'f' skreaun en wurdt de oe-klank yn it Frysk mei in û skreaun (droech wurdt drûch). De groep Fryske wittenskippers en skriuwers is it dêr net mei iens. Neffens heechlearaar Goffe Jensma is it it belangrykste dat de provinsje it skriuwen yn it Frysk befoarderet. Om dat te berikken soe der in nij Nederlânsk-Frysk wurdboek makke wurde moatte.
Deputearre Jannewietske de Vries moat sa gau as mooglik om tafel mei de groep fan Fryske wittenskippers en skriuwers, om te praten oer foarnommen feroarings yn de Fryske stavering. Dat fynt de steatefraksje fan de FNP.
Neffens FNP-steatelid Annigje Toering is it beslút oer de oanpaste stavering formeel noch net naam.