Rút ynskopt by ferkearsrûzje

17 maaie 2013 - 12:14
  • Geweld

In 27-jierrige man út Menameradiel is oanhâlden omdat er tongersdei yn Ljouwert in rút fan in auto fernield hat. De man hie op de Oostergowei spul krigen mei in oare sjauffeur, neidat de ien de oare dwerssitten hie by it ynfoegjen.

De bestjoerders stapten út en begûnen te skellen. De fertochte skopte doe it sydrút fan de auto fan de oare man stikken. Om foar te kommen dat syn kenteken opskreaun wurde soe, skuorde er de nûmerbuorden fan de auto ôf en naaide dêrnei út.

Der waard in boargernetaksje opset, mar de man melde him letter sels by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)