Miljoenen foar ynnovaasje

Website SNN © Omrop Fryslân
Undernimmers en organisaasjes yn Noard-Nederlân kinne fan juny ôf subsydzje oanfreegje foar ynnovative projekten. It SNN, it Samenwerkingsverband Noord-Nederland, hat dêr tweintich miljoen euro foar beskikber.
Der leit goed njoggen miljoen euro klear foar it midden- en lytsbedriuw. Dy hawwe faak eksterne help nedich by it opsetten fan nije projekten en dat is djoer. Dêr koene se al subsydzje foar krije en dêr waard ek in soad gebrûk fan makke.
Fierders is der tsien miljoen euro beskikber foar gearwurkinsgprojekten dy't har rjochtsje op noardlike saken lykas wettertechnology en enerzjy.