Fytsles foar basisskoalbern

16 maaie 2013 - 20:23

Ljouwerter skoalbern krije fytsles om se ta te rieden op de fytstocht nei de middelbere skoalle. Groep 8 fan basisskoalle de Eestroom út Ljouwert krige tongersdeitemiddei les op it parkearplak fan fytsferiening Frisia. Se rieden in parkoers mei achtsjes en diene tikkerke op de fyts.

De lessen binne hurd nedich die bliken: guon bern foelen om of rieden tsjininoar op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)