Deade man fûn yn Easterwâlde

16 maaie 2013 - 17:53

Yn in hûs op de Molewei krekt bûten Easterwâlde is tongersdei in stoflik omskot fûn. De plysje stelt nei ûndersyk dat de man in natuerlike dea stoarn is. Der waard ûndersyk dien om in misdriuw út te sluten.

It hûs stiet ferskûle oan de stille kant fan de dyk tusken Easterwâlde en Appelskea. Yn Easterwâlde binne yn koarte tiid twa minsken mei geweld om it libben brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)