Gluren wint ek super-appeltsje

16 maaie 2013 - 16:05
  • Skoalbern binne aktyf yn it âldereintehûs

It Fryske projekt 'Gluren bij de buren' hat by de útrikking fan de Appeltsjes fan Oranje ek de earste priis wûn. Earder waard al bekend dat it projekt fan soarchynstelling ZuidOostZorg en basisskoalle Tussen de Singels yn Easterwâlde dit jier ien fan de trije 'appeltsjes' krige.

Tongersdei waard by de útrikking fan de prizen troch it Keninklik pear dúdlik dat de sjuery it projekt de earste priis jout. Dat wurdt dien omdat it neffens de sjuery op in maklike manier kontakten tusken âlderein en bern befoarderet.

Boppedat is 'Gluren bij de buren' maklik op oare plakken yn te fieren. By it projekt dogge bern fan de basisskoalle mei oan aktiviteiten yn it fersoargingshûs yn har strjitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)