Learaar fuort nei konflikt

De dosint klassike talen fan it Drachtster Lyseum dy't in konflikt hat mei de direksje, giet fuort as it skoaljier oer inkele wiken ôfrûn is. Neffens in parseferklearring fan it Drachtster Lyseum binne beide partijen dat oerien kaam.
De dosint soe in kritysk mailtsje stjoerd hawwe oer it funkjonearjen fan de direkteur. De skoalle sprekt tsjin dat dosinten net kritysk wêze meie en werkent him net yn it byld dat troch anonime boarnen sketst wurdt.
Ferline jier wie op it Drachtster Lyseum ek al opskuor fanwege in learaar. Doe waard in gimmestykleraar op non-aktyf steld nei in konflikt. By kollega's en learlingen soarge dat foar in soad opskuor en protesten.