Wrâldbeker net mear op Thialf

De KNSB sjocht ôf fan de organisaasje fan it wrâldbekertoernoai op Thialf. De wedstriid soe it lêste wykein fan novimber hâlden wurde. Mar neffens de KNSB leit it bûn de lèste jierren hieltyd jild ta op de organisaasje as betiid yn it reedrydseizoen op It Hearrenfean om de wrâldbeker riden wurdt. De KNSB hat de organisaasje weromjûn oan de Internationale Schaatsunie.
De finale fan de wrâldbeker wurdt wol op Thialf ferriden yn maart oar jier. De KNSB organisearret yn dy moanne ek it WK.