B. en w. Harns lulk op Omrin

16 maaie 2013 - 12:38

Boargemaster en wethâlders fan Harns fiele harren oerfallen troch it foarnimmen fan Omrin om de kapasiteit fan reststoffe-enerzjysintrale REC mei 20 persint út te wreidzjen. B. en w. fan Harns hawwe geregeld oerlis mei Omrin oer ferskate saken, mar binne net troch it bedriuw ynformearre oer de útwreidingsplannen.

It kolleezje fan Harns is der ek min oer te sprekken dat Omrin mear ôffal mei frachtauto's oanfiere wol. De gemeente Harns fynt dat dat ôffal safolle mooglik oer it wetter oanfierd wurde moatte soe en net oer de dyk.

B. en w. skriuwe yn in brief oan direkteur Vernooij fan Omrin dat se har 'onheus bejegend' fiele en dat de gong fan saken it draachflak foar de REC yn Harns net grutter makket. Wethâlder La Roy fan Harns wol neat oer it ûnderwerp sizze, salang't as se net direkt troch Omrin op 'e hichte steld is oer de útwreidingsplannen.

De útwreidingsplannen fan Omrin waarden earder fan 'e wike buorkundich troch fragen fan de steatefraksje fan it CDA. Doe waard dúdlik dat Omrin in oanfraach dien hat foar it ferbrânen fan 20 % mear ôffal, sûnder dat de gemeente dêroer ynformearre wie. Omrin stiet sels op it stânpunt dat der net safolle oan de hân is. Neffens Omrin giet de oanfraach om 'it optimalisearjen fan de reststoffe-enerzjysintrale' en sil de ekstra miljeubelesting bot tafalle.

Trefwurden: 
REC Harns Omrin
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)