Fideobylden fan sloepûngelok

16 maaie 2013 - 12:30

De plysje hat de beskikking oer fideobylden fan de oanfarring tusken in sloep en in frachtskip. Dat wie ferline wike tongersdei op it Prinses Margrietkanaal by Tsjerkgaast. Mei op grûn fan dy bylden beslút it Iepenbier Ministearje begjin takom wike oft de skipper fan it frachtskip wat te ferwiten falt.

By de oanfarring kaam in 81- jierrige Dútske frou om it libben. De sloep bedarre, mooglik troch motorpech, midden yn de drokke farrûte fan it kanaal. In frachtskip út Zwolle fear oer de sloep hinne.

De sloep is dêrnei sonken. De 81-jierrige frou waard reanimearre en mei de traumahelikopter nei it sikehûs brocht. Dêr is sy letter ferstoarn.

Trefwurden: 
sloepûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)