'Agrarysk natuerbehear sinfol'

Subsydzjes foar agrarysk natuerbehear meie net ferdwine. Dat seit Regnerus Sytema fan de feriening Boer en Natuur yn reaksje op in rapport dat tongersdei oan steatssekretaris Sharon Dijksma presintearre wurdt. De belangrykste konklúzjes binne al yn de lanlike media nei bûten kaam.
Yn it koart komt it derop del dat in soad boeren fierste folle jild krije foar natuerbehear, wylst dat hast neat opsmite soe. Regnerus Sytema fan Boer en Natuur kim him dêr net yn fine.
Boere-organisaasje LTO Noard lit yn in parseberjocht witte dat agrarysk natuerbehear krekt hiel wichtich is.
Deputearre Johannes Kramer slút him oan by de miening fan Boer en Natuer en LTO-Noard. De deputearre fan de provinsje Fryslân seit yn reaksje dat agrarysk natuerbehear wol deeglik bliuwe moat. Hy fynt dat de subsydzjes dy't boeren krije, hiel goed wurkje foar de natuer. De oerheid falt krekt hiel wat te ferwiten falt. It natuerbelied is de lêste jierren faak feroare en dat soarget foar in soad ûndúdlikens. Fierders seit Kramer dat natuer en lânbou gjin tsjinstelling binne en yn ús provinsje hiel goed tegearre gean.
It rapport fan de Raad voor de Leefomgeving en Infrastructuur is tongersdeitemiddei oanbean oan steatssekretaris Sharon Dijksma fan Natuer.