Klachten oer eksamen Frysk

16 maaie 2013 - 12:07
  • It Frysk wurdboek

Der binne alve klachten binnenkaam oer it eksamen Frysk dat woansdei ôfnaam waard. Mei-inoar sieten 71 learlingen te switten op it eksamen. De measten fan harren (33) sitte op it vmbo-gl/tl.

De measte klachten (5) krige Examenklacht.nl fan it LAKS fan vwo-learlingen. It eksamen soe te lang wêze, te min mearkarfragen hawwe en in ûndúdlike fraachstelling. By de havo klage immen noch oer it ôfgean fan de mobile tillefoan fan de surveillant. De ferantwurdlike persoan op dy skoalle reagearre lykwols lakonyk.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)