Aldereinûndersyk Lj'diel

16 maaie 2013 - 11:54
  • Gemeente Ljouwerteradiel

Der komt in ûndersyk nei 65-plussers yn de gemeente Ljouwerteradiel. Dat is opset troch de gemeente sels, mar ek troch de húsdokter yn Stiens. Alle âldere ynwenners krije meikoarten in frageformulier thússtjoerd.

Mei de útkomsten wol de gemeente it nije âldereinbeleid foarmjaan. Dêrby is in soad omtinken foar kwetsbere âlderein. De enkête moat benammen in byld jaan fan wêr't sy ferlet fan hawwe. De húsdokter sil by it útoefenjen fan syn praktyk ek rekken hâlde mei de útkomsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)