Farferbod foar hiel Fryslân

It PM-kanaal © Hans Molema
Fanwege it hege wetter hat de provinsje in farferbod foar de hiele provinsje ôfkundige. Dat is om 14 oere yngien. Omdat de kaden en diken sa trochwjekke binne, kinne se de golfslach fan de skipfeart net mear oan. Ek stiet it wetter sa heech dat it wetter troch de golfslach maklik oer de kade spielt.
Omdat it sa hurd waait, wurde de provinsjale brêgen al sûnt tiisdei net mear betsjinne.