Tim Douwsma nei sjongfestival

Tim Douwsma © ANP
Sjonger Tim Douwsma út Wynjewâld mei meidwaan oan it nasjonale sjongfestival. Dat is tongersdei bekend makke. Hy sil mei noch fiif oare kandidaten stride foar ôffeardiging nei it Eurovisie Songfestival yn Azerbeidzjan. Hy docht dat mei it nûmer 'Undercover Lover'.
It Fryske duo Die Twa is net selektearre. Krijn en Jacob Dykstra hiene it nûmer 'ik ha in dream' ynstjoerd. It nasjonale sjongfestival is op 26 febrewaris. Yn totaal wiene hjirfoar 491 lieten ynstjoerd.