Man mei bile en boksbûgel pakt

05 jan 2012 - 11:23

In Drachtster fan 20 jier is woansdei oanhâlden omdat er in bile, in boksbûgel en strikers by him hie. De man is in bekende fan de plysje. Doe't de plysje mei him yn petear gie, seagen se de bile yn syn rêchsek sitten.

By fierder ûndersyk fûn de plysje it fjoerwurk en de boksbeugel. Doe't er oanhâlden wurde soe, waard er lilk en fersette er him. De wapens bin yn beslach naam, de man is fêstset.

Trefwurden: 
bile boksbûgel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)