Juwelierssaak Harns fol reek

© Omrop Fryslân
In juwelierssaak oan de Foarstrjitte yn Harns hat tongersdeitemoarn fol reek stien. Dat wie it gefolch fan in alaarm dat net goed útskeakele waard en in telefoannetwurk dat it net die.
De reekmasine is in foarsoarchsmaatregel om dieven it wurk ûnmooglik te meitsjen. It gefolch is no wol dat al it guod yn de winkel op 'e nij poetst wurde moat.