Wetter minder omheech as tocht

It wetter yn de Fryske boezem is tongersdeitenacht minder omheech kaam as dêr't it Wetterskip bang foar wie. De ferwachting wie dat der 15 oant 30 milimeter falle soe. Omdat der hast gjin wetter mear loasd wurde kin op de Lauwersmar, soe dat fuort in grutte stiging betsjutte.
Gemiddeld is der 11 milimeter fallen en is de boezem 1 sentimeter stige. Wol is it measte yn Noardeast Fryslân fallen, dêr't it wetter dochs al it heechst stiet. Tongersdeitemoarn wurdt yn it aksjesintrum fan it Wetterskip besletten oft der polders ûnder wetter set wurde moatte om wetter te bergjen.