Dearsum wol feiliger dyk

15 maaie 2013 - 20:57
  • Dearsum

Pleatslik Belang Dearsum wol ekstra maatregels en plysjekontrôles tsjin de ferkearsoerlêst yn it doarp. De provinsjale dyk tusken Snits en Ljouwert giet dwers troch Dearsum en dat betsjut dat der alle dagen tûzenen auto's foarbykomme.

Ferline jier is de dyk feiliger makke. Der mei troch it doarp net hurder dan 50 riden wurde. Mar neffens Pleatslik Belang hâldt mar 1 op de 100 autobestjoerders him oan de snelheid. Ek it nije stopljocht smyt noch net in soad op.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)