ND: graach gearwurkje mei FD

15 maaie 2013 - 17:25

It Nederlands Dagblad wol graach gearwurkje mei it Friesch Dagblad. Dat befestiget haadredakteur Sjirk Kuijper fan it Nederlands Dagblad. Sûnt ein foarich jier binne beide kranten mei-inoar yn petear. Kuijper wol gearwurkje op saaklik en sjoernalistyk mêd, om sa kosten te besparjen en de posysje fan de kristlike kranten te fersterkjen.

Yn hoefier de gearwurking tusken de twa deiblêden mooglik is, hinget neffens Kuijper ôf fan de kommende wiken. It Friesch Dagblad sit yn swier waar. De krante hat op koarte termyn 500.000 euro nedich.

It bestjoer fan feriening Het Friesch Dagblad rôp tiisdei de help yn fan de lêzers, dy't om jeften frege wurdt. Njonken it Nederlands Dagblad is ek gearwurkje mei de NDC Mediagroep of mei it Reformatorisch Dagblad in opsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)