Nije lokale omrop yn Ljouwert?

15 maaie 2013 - 16:12
  • Website Oog, Grins

De direkteur fan de lokale omrop fan Grins, OOG, wol yn Ljouwert in nije lokale omrop opsette. Evert Janse wie yn it ferline ek al direkteur fan Mercurius. Neffens him is dizze stjoerder yn in spiraal nei ûnderen bedarre. Ein oktober rint de lisinsje fan Mercurius ôf, en dan wol Janse it stokje yn Ljouwert oernimme.

It is net wis oft dat ek slagget. Nei de gemeentlike weryndieling binne der mooglik mear lokale omroppen dy't in goai nei de lisinsje dwaan wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)