Oanhâldings foar brânstichting

Plysje-embleem © ANP
Yn it ûndersyk nei brânstichting op It Hearrenfean yn de nacht fan 6 op 7 maaie hat de plysje fjouwer minsken oppakt. It giet om twa froulju fan 39 en 18 jier en om twa manlju fan 20 en 21 jier, allegearre ynwenners fan It Hearrenfean. Sy wurde der fan fertocht trije brannen stichte te hawwen.
Yn de nacht fan 6 op 7 maaie waard in auto yn brân stutsen yn de Van Goghleane. Ek waard in konifearehaach oanstutsen. It wenhûs koe doe noch mar krekt behâlden wurde. Tsjûgen en resjerzjewurk hat de plysje op it spoar fan de fertochten set.
De plysje hâlde earder ek in jonge fan 14 jier oan foar deselde saak, mar dy hie neat mei de brannen út te stean. De plysje tinkt fierder dat mei de oanhâlding fan de fjouwer fertochten ek de brânstichting fan in auto op De Jouwer, yn maart dit jier, oplost wurde kin. De plysje slút net út dat der noch mear oanhâldings folgje sille. Alle fertochten binne ynsletten foar neier ûndersyk.