Grêftsmiters bliuwe yn sel

04 jan 2012 - 16:41

De fiif fertochten fan 'e mishanneling yn de nijjiersnacht op de Foarstreek yn Ljouwert wurde beskuldige fan poging ta deaslach. De fiif goaiden trije foarbygongers sûnder oanlieding yn de grêft. Dêrnei ha se se mei bakstiennen en in fyts bekûgele. Ien fan harren sprong sels yn it wetter om de slachtoffers ûnder wetter te triuwen.

De plysje koe de fiif ridlik gau opspoare. De rjochterkommissaris hat besletten dat se allegearre noch seker 14 dagen sitte moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)