Koepel werom nei Flylân

De âlde koepel fan de fjoertoer fan Flylân komt werom nei it eilân. De koepel waard yn 1986 ferfongen en ferdwûn fan it eilân, ek al woe elkenien 'm dêr graach hâlde. De koepel krige in plakje yn Hendrik Ido Ambacht, dêr't er as teehúske yn gebrûk wie. Mar de eigener woe fan de koepel ôf en bea dizze te keap oan op Marktplaats. Harry Jurjens fan midgetgolfbaan Eldorado kocht de koepel en makket der in kiosk fan.