'Dúdlikens oer fergunning REC'

De steatefraksje fan it CDA hat fragen steld oer de nije fergunningoanfraach fan de reststoffe-enerzjysintrale REC yn Harns. Neffens dy nije oanfraach is Omrin fan doel om ekstra materiaal te ferbaarnen yn Harns. It CDA wol graach witte watfoar materiaal dat krekt is.
De REC libbet noch hieltyd bot by de befolking yn Harns en omkriten, seit steatelid Johan Apperloo. Hy fynt dêrom dat Omrin sels en ek de provinsje sa goed mooglik kommunisearje moatte oer de nije fergunningoanfraach.