Soad jongeren op Tall Ships

Al mear as hûndert jongeren tusken de 15 en 25 jier hawwe harren oanmeld foar de syltocht fan Harns nei it Noarske Fredrikstad, yn july takom jier. De syltocht makket diel út fan de Tall Ships Races dy't takom jier yn Harns hâlden wurde.
De wervingskampanje foar de saneamde trainees is op 6 april útein setten en duorret oant septimber. Ek no't al mear as hûndert bern har oanmeld ha, giet de wervingskampanje noch efkes troch. De organisaasje wol noch mear jongeren de kâns jaan mei te gean.