'All2gather' mei net trochgean

Kika-motorfestival
It motorfestival All2gather krijt opnij gjin fergunning foar it evenemint op 25 maaie by de drafbaan yn Wolvegea. It gemeentebestjoer fan Weststellingwerf hie earder de fergunningoanfraach ôfwiisd om't der te folle minsken op it evenemint ôfkomme. Ut de nije oanfraach docht neffens de gemeente wer bliken dat it om in grut evenemint giet, mei sa'n twatûzen besikers. De gemeente fynt dat der te min tiid is om it noch goed ta te rieden. Mei it festival wurdt jild ynsammele foar Kika troch mei 3500 motoren fan strân Horst nei Wolvegea te riden.