Sven Kums net tsjin FC Utrecht

14 maaie 2013 - 14:46

Sportklup Hearrenfean kin yn de playoff-wedstriden tsjin FC Utrecht net beskikke oer Sven Kums. De middenfjilder rûn tsjin Roda JC in spierblessuere op dy't him grif in wike oan de kant hâldt. Ferdediger Arnold Kruiswijk is noch in fraachteken, hy hat lêst fan de ljisk.

Hearrenfean moat it ek dwaan sûnder Filip Djuricic (brutsen ribbe). Foar Djuricic wie der ek goed nijs. Hy wûn by de ferkiezing fuotballer fan it jier de brûnzen skoech. Wilfried Bony wûn de gouden skoech, Christian Eriksen de sulveren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)