Advokaten oerlizze oer ringen

© De Geitefok
De advokaat fan âldjiersferiening Geitefok fan Aldeberkeap is yn oerlis mei de advokaat fan it Olympysk Stadion yn Amsterdam. De Geitefok hat as âldjiersstunt de Olympyske ringen fan it stadion stellen, de direksje fan it stadion is net bliid mei dy aksje.
De plysje hat de Olympyske ringen dy't de âldjiersploech fan de Geitefok fan it Olympysk stadion yn Amsterdam stellen hat yn beslach naam. Dat is dien yn opdracht fan it Iepenbier Ministearje yn Amsterdam. It is noch net bekend oft de âldjiersploech ek echt ferfolge wurde sil.
De leden fan de Geitefok hoopje dat it Olympysk Stadion lang om let dochs noch sportyf reagearje sil op de fyt.