LTO: gau gemaal by Lauwersmar

De Lauwersmar © ANP
Der moat gau in beslút naam wurde oer de bou fan in nij seegemaal by Lauwerseach. Dat makket de wetteroerlêst wol dúdlik, seit lânbou-organisaasje LTO-Noord. No hat it wetterskip de situaasje noch yn de hân. Mar as it waar tsjin sit, wurdt it neffens de boere-organisaasje aanst wol hiel dúdlik dat der net genôch kapasiteit is om te meallen. De boeren dogge dêrom in driuwend fersyk op de ferantwurdlike minsken by provinsje en wetterskip om troch te pakken.
It gemaal soe yn 2015 klear wêze moatte, mar it is noch net dúdlik wa't krekt de rekken betelje sil.