Miljoen op Drachtster kraslot

04 jan 2012 - 14:11

By gemakswinkel Cigo de Boer yn Drachten is in kraslot ferkocht mei in haadpriis fan 1 miljoen euro. It lot waard op sneon foar de krystdagen kocht, mar troch de keaper pas nei de krystdagen iepen krast. De frou dy't it lot kocht hat har yn de winkel meld.

Neffens it ûndernimmersechtpear De Boer falle de lêste tiid wol faker moaie prizen by harren yn de winkel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)