Byld Gysbert Japicx omwaaid

04 jan 2012 - 13:54

It byld fan Gysbert Japicx yn Boalsert is omwaaid. Foarbygongers seagen dat it byld neist de sokkel op de grûn lei en ha de gemeente warskôge. Meiwurkers fan de gemeente ha it byld ophelle. Dy seagen dat de ankers trochruske wiene. It byld leit no op de gemeentewerf yn Snits. Dêr wurdt no de tiid naam om it wer op te knappen.

It byld sels is net skansearre troch it omfallen. It stiet oars by de Martinitsjerke yn Boalsert. It is yn 1966 ûntbleate troch keninginne Juliana. Yn novimber ferline jier is it byld noch skjinmakke troch de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)