100 skiep op besite by Jacobi

04 jan 2012 - 12:22

Yn Wergea moatte je goed oppasse foar losrinnende skiep. Herder Henry Hoiting fan Appelskea en in Drintske kollega rinne dêr mei har kudde fan hûndert skiep om PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi te betankjen. De skiep wurde mei help fan borderkolly Amy yn betwang hâlden.

Jacobi hat der foar soarge dat de keppels bestean bliuwe kinne, troch har yn te spannen foar it behâld fan de subsydzjes foar kuddes mei skiep foar natoerbehear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)